Gaslek by wurksumheden yn Beetstersweach

19 jun 2017 - 11:17

By wurksumheden oan de Achter de Hiemen yn Beetstersweach is moandeitemoarn in gaslek ûntdutsen. De gaslucht wie strjitten fierderop te rûken. De strjitte is ôfsletten en guon wenningen binne ûntromme.

Meiwurkers fan enerzjybedriuw Enexis binne dwaande it lek ticht te meitsjen. De brânwacht hâldt de situaasje yn de gaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)