UPDATE: Motorproblemen fearboat Skylge-Harns oplost

De MS Midsland
De problemen mei de fearboat Midsland binne oplost. Moandeitemoarn krige it skip healwei Skylge en Harns motorproblemen. It gie om in steuring yn de koppeling. Dy is ferholpen en de boat fart fan 14.00 oere ôf wer neffens skema. Foar rederij Doeksen is it in drokke dei. In soad Oerolbesikers gean fan Skylge werom nei hûs.