Treinstaking yn moarnsspits op stasjon Zwolle en Den Haag

Minsken dy't moandeitemoarn mei de trein nei of oer Zwolle of Den Haag reizgje, kinne yn de problemen komme troch in staking. Op beide stasjons leit it treinpersoniel it wurk del. De staking is fan moarns 5 oant 9 oere. Der ride dan minder of hielendal gjin treinen. Nei de aksje kin it noch wol efkes duorje foar't de treinen wer hielendal neffens it boekje ride.
Fakbûn FNV hat ta de staking oproppen fanwege de krimpplannen fan de NS. Der sit gjin beweging yn de ûnderhannelings. Publyksfreonlike akjes hawwe neat úthelle, sadwaande no de staking.