Hynder út djippe sleat rêden by Wolvegea

Mei feriene krêften waard it hynder op de wâl lutsen © De Vries Media
De brânwacht fan Wolvegea hat sneintemiddei in hynder út de sleat helle. It bist socht nei alle gedachten ferkuolling yn it wetter oan de Stienwikerwei. De sleat wie sa djip dat er der net mear út komme koe.
De brânwacht kaam mei meardere weinen nei de Stienwikerwei. It foel noch net ta om it hynder op de wâl te krijen. Pas nei goed in oere slagge it mei help fan bannen en in soad lûkkrêft fan brânwachtminsken en omstanners.
It hynder hat gjin ferwûningen oerhâlden oan it swimaventoer. Doe't er goed en wol wer op de wâl wie, rûn er al gau wer by de groep fierderop yn it lân. Hoelang't it bist yn de sleat lein hat, is net bekend.