Plysje siket famkes dy't lêstich fallen binne yn de trein

It sintraal stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje is op syk nei twa famkes dy't sneontejûn yn de trein fan Zwolle nei Ljouwert lêstich fallen binne troch in man. Dizze man is oanholden op it stasjon yn Ljouwert. De famkes wurde fersocht harren te melden by de plysje. Tsjûgen fan it foarfal dat tusken 20.30 en 20.50 oere plakfûn, kinne ek belje mei de plysje fia 0900-8844.