Twa Fryske politisy ferwûne by auto-ûngelok yn Sina

18 jun 2017 - 12:33

Twa Fryske politisy binne ferwûne rekke by in besite oan Sina. Deputearre Klaas Kielstra en de Ljouwerter wethâlder Friso Douwstra wienen dêr mei in Fryske hannelsdelegaasje. Se rekken sneon belutsen by in auto-ûngelok, wêrby't se beiden licht ferwûne rekken. De twa binne yn in sikehûs ûndersocht. Sa gau as de dokters tastimming jouwe, komme se werom nei Nederlân.

Ek de rest fan de groep reizget sa gau as mooglik nei hûs. De Fryske hannelsmissy yn Sina wie ferline wike snein begûn. De Fryske kommissaris Brok en boargemaster Crone fan Ljouwert wienen net mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)