LDODK grypt njonken lânstitel fjildkuorbal

De kuorballers fan LDODK fan Terwispel en De Gordyk binne der sneontejûn net yn slagge Nederlânsk kampioen fjildkuorbal te wurden. De Friezen ferlearen de finale fan Blau Wyt Amsterdam. It waard 22-12 yn Bennekom, dêr't de wedstriid spile waard op it 'neutrale terrein' fan DVO.
Yn de earste helte misten beide ploegen in soad kânsen. LDODK stiet op in stuit mei 4-1 foar, mar waard letter ynhelle kwa stân. Mei in achterstân fan 7-8 gie LDODK de rêst yn. Flak dêrfoar miste André Zwart noch in strafworp, oars hie de rêststân 8-8 west.
Yn de twadde helte kaam LDODK fierder achter te stean. Se kamen der net mear boppe-op en de einstân wie 12-22 foar Blau Wyt Amsterdam.
Trijehûndert supporters wiene mei bussen út Fryslân meikaam om de finale yn Bennekom te sjen.