Soad belangstelling foar Onbeperkt Samen Genieten

Goed trijehûndert minsken mei in ferstanlike beheining wiene sneon oanwêzich op it evenemint Onbeperkt Samen Genieten op It Hearrenfean. It evenemint wurdt foar de tredde kear hâlden. Op it feest is in soad te dwaan. Sa koene de besikers ritsjes meitsjen yn in rappe auto, yn de ambulânse of achterop de plysjemotor. Dêrneist wiene der optredens fan Het IJsselduo, Grutte Geart en Zanger Rinus.
It idee foar it Onbeperkt Samen Genieten evenemint komt fan Anja de Roos. Sy seach in reportaazje by SBS6 wêrby't minsken mei in ferstanlike beheining yn auto's ride mochten. De Roos seach de blydskip by de minsken en woe dat ek yn Fryslân organisearje.
De lêste wiken hat de organisaasje faak nee ferkeapje moatten oan minsken dy't graach delkomme woene. Mar der is in fergunning foar net mear as trijehûndert minsken. De Roos wit noch net oft it evenemint takom jier grutter wêze sil.