Van Vuuren mei doarren leverje oan legerbasis Ramstein

Doarrefabrikant Van Vuuren Deuren yn Grou © Google Streetview
Doarrefabrikant Van Vuuren Deuren út Grou hat in wichtige opdracht út Dútslân binnenhelle. It giet om it leverjen fan doarren foar de Amerikaanske legerbasis Ramstein by Kaiserslautern yn Súd-Dútslân. Ramstein is ûnderdiel fan de 3rd Air Force fan de Amerikaanske luchtmacht en is ek haadkertier fan it European Command. Van Vuuren is tige wiis mei de opdracht.