Kollum: "148 dagen en 93 dagen"

"Hjoed is it alwer 148 dagen lyn dat we yn sliep sukkelen mei de gedachte dat it wol goed komme soe en doe’t we wekker waarden wie alles oars. 148 dagen alwer, de tiid giet hurd. En ik wol leaud dat der net ien dei west hat dat we der net of neat oer lêzen, fan heard of nei sjoen ha. Ik wit net hoe’t it mei jim, it personiel en de harkers fan Omrop Fryslân is, mar ik fernuverje my mei de dei mear oer wat der yn de Feriene Steaten fan Amearika oan de hân is. It lân dat symboal stie foar it lân dêr’t alles kin, dêr’t dreamen neijage wurde koenen. No wit ik net of de 148 dagen dat de ynwenners fan de USA fan harren nije foaroanman genietsje koenen in moaie dream of krekt in nachtmerje west hat.
Hoe dan ek, never a dull day mei dizze man. Hy skoffearret komplete beropsgroepen, skopt de iene nei de oare topman de dyk út en twitteret de meast nuvere teksten de wrâld yn. Meast nachts, as je erchtinkend wêze soenen, kin de yndruk ûntstean dat er him earst klem sûpt en dan de mobyl pakt om yn 140 tekens in wol hiel frjemd byld fan de wrâld te sketsen, mar dat binne oannames en gjin feiten dy’t bewiisd binne. Miskien miste er syn frou wol hiel bot, want dy wenne yntiids noch yn New York, omdat soanleaf fan âlve it legere skoallejier dêr dan ôfmeitsje koe. Heit is trouwens al 71, der is in kâns dat de soan der miskien foar de gek wolris pake tsjin seit as heit wat slanterich mei de spagetty omgriemt.
Hjoed is it alwer 93 dagen lyn dat we yn sliep foelen mei de wittenskip dat it politike lânskip yn ús lân noch nea sa út elkoar lein hat as no. We ha it yn moderne en hippe retoryk oer in motorblok, dat mear as in gigantyske bongel oan poat liket te wurkjen. Politike lieders dy’t de ûnderhannelingen yngean mei in pappadag as brekpunt. Fatsoenlike partijen, teminsten, dat mienden we, dy’t net regearje wolle mei ien beskate partij, mar stikem wol alle spearpunten fan it A4'ke partijprogram fan dy partij oernimme, dan is de needsaak om dy partij der by yn te heljen der ek net echt mear.
Dus, we ha in formateur dy’t ek alwer de 75 jier oantikket en al in moai skoft fan syn pensjoen genietet. Op syn tige fatsoenlike wize besiket hy in ko mei in baarch te krusen, mar dat falt noch net ta. En hy moat ferslach útbringe oan in Twadde Keamer dêr’t dy iene partij dêr’t nimmen ferkearing mei ha wol, him op it harspit leit omdat er harren yn in kolleezje fertelt wat er docht. Dat wisten se hooplik al, oars hie it better sa bliuwe kinnen as dat it wie, ferslach oan de kening/keninginne útbringe. Net alle feroarings binne daliks ferbetteringen, sorry, achte republikeinen.
Dus, 148 dagen plus 93 dagen is 241. Ik ha dat sifer ris even googele.
241 jier foar Kristus begjint Aratos van Sikyon in militêre fjildtocht yn Aetolië, yn Persië einiget de tredde Syryske oarloch. Ptolemaeus de Tredde akseptearret de rivier de Orontes yn Syrië as lânsgrins en beset Antiochië, Cilicië en it eilân Samos. Yn Italië is it hielendal hommeles, de Romeinen ferneatigje de Kartaachske float fan Hanno de Grote.
We libje yn 2017, 2258 jier letter. Oarloch, geweld en machtspultsjes. Der is neat feroare."