"Hâld op mei it feroardieljen fan minsken op social media"

Minsken moatte oppasse mei it feroardieljen fan oaren op social media, as noch net wis is oft ien wat krimineels dien hat. Dy oprop docht Flip van Doorn út Drylts sneon by Omrop Fryslân en yn deiblêd Trouw. It artikel folget op de frijspraak fan de jongeman Richard Wierda út Drylts, dy't ûnterjochte fertocht waard fan ûnseedlike hannelingen mei de dochter fan Flip van Doorn.
Unseedlike hanneling
Richard Wierda waard yn 2014 oppakt om't er derfan fertocht waard dat er de 10-jierrige dochter fan Flip van Doorn nei syn auto lokke en dêr syn geslachtsdiel oan har sjen liet. In tsjûge hie syn nûmerboerd trochjûn oan de plysje, om't Wierda tafallich by it plak fan it ynsidint delried yn syn auto. De dei nei it ynsidint waard der op social media in foto fan Wierda ferspraat mei it berjocht dat hy it famke seksueel misbrûkt hie. Ek yn de stêd waard hy iepenlik oan de skandpeal nagele.
Frijsprutsen
Wierda waard oppakt en in lyts jier letter kaam de saak foar. Dat wie it momint dat Van Doorn Wierda foar it earst seach. Ut de ferklearringen fan Wierda waard foar Van Doorn al gau dúdlik dat Wierda net de dieder wêze koe. Dat waard dêrnei befêstige troch syn dochter, dy't laitsje moast doe't se Wierda seach: "Hij lijkt er niet eens op, papa". Nei in lang proses waard Wierda yn heger berop úteinlik frijsprutsen.
Naming and shaming
Om de namme fan Richard Wierda te suverjen fan skuld, publisearret Flip van Doorn it artikel yn Trouw. Mar ek om minsken te warskôgjen om net te gau in oardiel te hawwen. De ellinde fan 'naming and shaming' op social media dy't de ûnskuldige Wierda oer him hinne krige, giet wat Van Doorn oanbelanget fierstente fier.
Ek ropt Van Doorn de media op om net allinnich te berjochtsjen oer fertochten of feroardielden fan misdriuwen, mar ek om te berjochtsjen oer de frijspraak fan fertochten. Dan kinne minsken as Richard Wierda ek publyklik fan alle skuld loskomme.