Dúdlikens easke oer biofergister Koatstertille

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
De folsleine ried fan Achtkarspelen easket dúdlikheid fan boargemaster en wethâlders oer de plannen foar in biofergister yn Koatstertille. De ried wol witte wat de konkrete plannen binne, wat de komst fan sa'n fergister betsjutte sil foar de feilichheid fan de ynwenners en hoe bot oft it stjonke sil. Salang't de ried gjin dúdlik antwurd op dy fragen hat, wolle se net fierder mei de beslútfoarming.