Hearrenfean komt yn aksje tsjin ikeprosesjerûp

15 jun 2017 - 12:02

De gemeente Hearrenfean begjint mei de bestriding fan de ikeprosesjerûp. Dy is op ferskate plakken yn de gemeente sinjalearre. Under oare oan de Industriewei en De Zanden op It Hearrenfean en de Prins Bernhardwei yn Oranjewâld. De rûpen komme yn Fryslân op hieltyd mear plakken foar. De brânhierren fan de rûp kinne jokte en hûdproblemen jaan. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)