Snitser haven hat nij havenkantoar en toiletgebou

De haven fan Snits hat in nij havenkantoar en toiletgebou krigen. De fernijde foarsjenning foar wettersporters stiet oan de Somerrakpromenade. Yn it gebou siet earder in restaurant. De gemeente Súdwest-Fryslân kocht it restaurant op foar 300.000 euro en hat it folslein ferbouwe litten. Der binne mear húskes en douches yn it gebou, de resepsje is grutter en der is mear kantoarromte foar de havenmaster.
Wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân iepenet it gebou tongersdeitemiddei offisjeel.