Brânstof dumpt yn parkeargaraazje Harns

Brânstof dumpt yn parkeargaraazje Harns © GinoPress
Yn de parkeargaraazje ûnder de fearboatterminal fan Doeksen yn Harns is woansdeitejûn brânstof dumpt yn in put. De helptsjinsten waarden oproppen en nei ûndersyk waard dúdlik dat it om in soart brânstof giet. De gemeente hat de put leechpompt.
De plysje ûndersiket wêr't de brânstof weikommen is.