Maksimaal 192 partoeren by Wylde Kippetjespartij

© Martine Tiemersma
De organisaasje fan de Wylde Kippetjespartij yn Winsum hat besletten dat der dit jier maksimaal 192 partoeren meidwaan meie. De keatspartij luts ferline jier 272 partoeren, mear as 800 keatsers diene doe mei. Omdat it doe moai waar wie, soarge dat net foar problemen, mar de organisaasje sjocht wol dat dat mei min waar in hiel oar ferhaal wurdt. Dêrom kinne der oan de edysje fan dit jier maksimaal 192 partoeren meidwaan, 128 by de manlju en 64 by de froulju.
De ynskriuwing begjint op 28 july, de keatspartij sels is op 17 septimber.