UPDATE: Steuring brêge Koarnwertersân is foarby

© Camjo Media
De steuring by de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk is wer foarby. Autoferkear koe sûnt twa oere net oer de noardlike brêge. Dat betsjutte dat der in lange file ûntstie fan ferkear dat út Fryslan wei nei Noard-Hollân woe. In monteur fan Rykswettersteat docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan de steuring. It is noch net dúdlik wat it probleem wie. Foarearst wurdt de brege net mear iepene foar it skipfeartferkear.
De steuring fan woansdei duorre trije kertier. Rykswettersteat joech it advys om in oare rûte te nimmen nei Noard-Hollân, oer de A7 en dan troch de polder.
Ferline wike wiene der ek al grutte problemen op de Ofslutdyk, doe drige in steger troch de hurde wyn om te waaien en moast de dyk ek ôfsletten wurde.