Ferdigener Daniel Høegh fersterket SC Hearrenfean

Daniel Høegh © Martin de Jong
SC Hearrenfean presintearret woansdeitemiddei de Deenske sintrale ferdigener Daniel Høegh. De 26-jierrige rjochtspoat komt oer fan it Switserske FC Basel. Høegh spilet sûnt 2015 yn Switserlân, spile 33 wedstriden foar Basel en waard de ôfrûne twa jier twa kear kampioen mei syn klup.
Dêrfoar spile er 116 wedstriden foar de Deenske klup Odense, dêr't er ek syn oplieding hân hat. Daniel Høegh spile ek ien ynterlân foar Denemarken.