"Europeeske Uny moat sichtberder wurde yn regio"

De Europeeske Uny moat folle mear sichtber wurde yn de regio. Dat wolle de kristendemokraten yn it Europeesk Parlemint. Oerheden, bedriuwen en organisaasjes dy't Europeeske subsydzje foar in projekt krije, moatte dêrom ferplichte wurde om dat yn de takomst folle langer út te dragen. Op dit stuit is it sa dat benammen by oanbestegingen fan nije projekten it logo fan de Europeeske Uny - de Europeeske flagge mei de tolve stjerren - tydlik te sjen is, mar dat it logo ek wer gau ferdwynt as in projekt klear is.
Aksje
Europarlemintariër Lambert van Nistelrooij fan it CDA wol projekten dy't jild út Europa krije, ferplichtsje om op syn minst fiif jier lang aktyf út te dragen dat de Europeeske Uny dat mooglik makke hat. Op dy wize hopet Van Nistelrooij wat te dwaan oan de anty-Europeeske stimming yn Nederlân en oare lidsteaten mei grutte Euroskeptyske partijen. Aksje is hurd nedich, seit Van Nistelrooij, want de gewoane minsken witte no net goed wat de EU allegearre docht.
Wetsus
Neffens Van Nistelrooij binne de measte ynstânsjes dy't stipe krigen hawwe fan de Europeeske Uny ek graach ree om dat mear út te dragen. Ien fan de ynstânsjes dêr't Van Nistelrooij mei praat hat is wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert. Dêr binne troch Europeeske fûnsen tsientallen jonge wittenskippers dwaande mei in grut ferskaat oan ûndersiken en projekten op it mêd fan wetter. Van Nistelrooij hat syn foarstel opskreaun yn in rapport dat woansdeitemiddei presintearre wurdt yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburg. Mei it programma 'Let the starts shine' wol er de kommende tiid ek ideeën sammelje fan 'gewoane Europeanen' oer it ferbetterjen fan it imago fan de Europeeske Uny.