Europa: "Kulturele Haadstêden moatte minder elitêr"

It Europeesk Parlemint hat besletten om ek nei 2020 troch te gean mei de Kulturele Haadstêden, mar komt wol mei strangere easken oan dy takomstige kulturele haadstêden. It moat minder elitêr wurde en mear foar de gewoane man/frou. Dat is de útkomst fan in krityske evaluaasje fan de kulturele haadstêden fan de ôfrûne jierren troch de kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint. It parlemint wol graach troch mei kulturele haadstêden omdat dy der oan bydrage dat de boargers fan de Europeeske Uny inoar better kennen leare. Boppedat is it in goed middel om de 'kulturele rykdom en it 'kulturele ferskaat' fan Europa te presintearjen.
Transparant
It parlemint hat ek konstatearre dat guon kulturele haadstêden de nedige problemen hawwe en komt dêrom mei nije easken oan de organisaasje - de saneamde governance - en it programma. De Kulturele Haadstêden fan de kommende fyftjin jier moatte in transparante organisaasje hawwe en in programma fan Europeesk belang, dêr't ek groepen dy't yn in achterstânssituaasje sitte oan meidwaan kinne. It programma moat boppedat ek bydrage oan in 'duorsume ûntwikkeling' fan de kulturele haadstêd op langere termyn.
2033
De kulturele haadstêden wurde tenei seis jier yn 't foar oanwiisd en yn de tiid dêrnei geregeld kritysk evaluearre. It duorret noch even foardat Nederlân - nei Ljouwert 2018 - wer oan bar is. Dat is pas yn it jier 2033 it gefal. Njonken lidsteaten fan de Europeeske Uny meie ek buorlannen dy't mei Europa gearwurkje geregeld in kulturele haadstêd leverje.
De nije easken foar de Kulturele Haadstêden hawwe gjin gefolgen foar Ljouwert-Fryslân 2018, want it oanskerpe belied jildt pas fan 2020 ôf. Sjoch foar mear ynformaasje ek op ús Europablog.