Briedende see-earnen dogge it goed yn De Alde Feanen

13 jun 2017 - 21:46

By it briedende pearke see-earnen yn Nasjonaal Park De Alde Feanen sit yn alle gefallen ien jong yn it nêst. Dit is te sjen oan it grutte oantal strontspoaren ûnder it nêst. Hjirneist foel it meiwurkers fan It Fryske Gea op dat de froulike earn donker is, wat betsjut dat se sa'n fjouwer jier âld is. Sy is dêrmei wierskynlik ien fan de jongste froutsjes fan Nederlân dy't in jong fuortbringt.

De maatregels dy't by it briedplak troffen binne om de see-earnen optimale rêst te bieden, dogge fertuten. Neffens It Fryske Gea is en bliuwt rêst needsaaklik foar de briedende bisten.

De see-earnen by Koudum ha net suksesfol bret. Yn de ôfrûne wiken lieten de fûgels harren nêst hieltyd allinne. Doe't It Fryske Gea it nêst kontrolearre, die bliken dat der yndied gjin aaien of piken leine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)