Telefyzje sjen yn de MRI-scanner? It kin op It Hearrenfean

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean hat by de kar foar in nije MRI-scanner rekken hâlden mei de eangst fan in soad pasjinten om hast in healoere yn it apparaat te lizzen. De nije MRI-skanner is rommer, ljochter en stiet yn in ljochte keamer mei op it plafond tekene wolken. Minsken yn de scanner kinne telefyzje sjen of nei muzyk lústerje.
Neffens teamliedster Lia Mannes fan de ôfdieling Radiology fan it sikehûs binne der folle minder minsken mei panykoanfallen.