Jannick de Jong wol tsjinûndersyk nei positive dopingtest

Jannick de Jong © Bert Swarts, Photo 2000
Gersbaanracer Jannick de Jong hat in saneamde kontra-ekspertize oanfrege nei oanlieding fan syn positive dopingtest. Der binne by de dopingkontrôle twa potsjes urine ôfnaam en op basis fan de iene is hy no skorst. Dêryn waard it ferbeane middel amfetamine fûn. By in kontra-ekspertize sil ek it twadde potsje mei urine kontrolearre wurde. Dêrút moat bliken dwaan oft it middel ek yn it oare potsje oantroffen wurdt.
De útslach fan dy test lit yn alle gefallen noch oardel moanne op him wachtsje. Oant dy tiid kin De Jong hielendal neat. Hy mei troch syn skorsing gjin wedstriden ride, mar ek traine is ferbean. De Jong is bot oandien troch de hiele situaasje.