Mear as 9000 stimmen It moaiste fan Fryslân

12 jun 2017 - 17:42

Yn trije wiken is al mear as njoggentûzen kear stimd foar de ferkiezing It moaiste fan Fryslân. Ut in top 100 fan ûnder oare de moaiste wenhuzen, iepenbiere gebouwen, lânskippen en erfguod kinne ynwenners fan Fryslân oanjaan wat harren tsien favoriten binne.

Op dit momint hat skipswerf De Hoop yn Warkum de measte stimmen. Hy giet dêrmei op kop yn de kategory ‘wurken’. Mar ek it Woudagemaal op De Lemmer, de Koepeltsjerke fan Berltsum en de eilanderhúskes fan Skiermûnseach binne populêr. Yn de earste wike fan july wurdt bekend makke wa’t de winners binne fan de tsien ferskillende kategoryen fan It moaiste fan Fryslân. Oanslutend stride dizze tsien finalisten om de titel It moaiste fan Fryslân.

Takom jier wurdt foar de toeristen en gasten oan Kulturele Haadstêd 2018 rûtes ûntwikkele by topstikken út de top 100 del. It moaiste fan Fryslân is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. Stimme kin oant en mei 1 july 2017 op de webside fan It moaiste fan Fryslân.

Trefwurden: 
It Moaiste Fan Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)