Reduzum krijt gjin nije wynmûne

Reduzum krijt definityf gjin nije wynmûne. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. De stichting Doarpsmûne Reduzum en de gemeente Ljouwert woene de âlde wynmûne ferfange troch in nijer eksimplaar, mar de provinsje giet net akkoart. Dy wol net mear ynvestearje yn op himsels steande mûnen, lykas dy yn Reduzum, mar sjocht leaver ien grut wynmûnepark of in fjild mei sinnepanielen by it doarp.
''Wy hienen it wol ferwachte'', fertelt foarsitter Henk Vellinga. ''De gemeente is no oan set. Sy meie no besjen oft se nei de Ried fan Steat stappe. Dat hawwe wy yn feite ôfpraat, de gemeente Ljouwert hat tasein dat se dat dogge.''