Provinsje wurdearret frijwilligers mei jild foar oplieding

Frijwilligers binne it semint fan de mienskip en dêrom fertsjinje se mear wurdearring. De provinsje stekt 80.000 euro yn in projekt om frijwilligers mear te stypjen. De bydrage is bedoeld om minsken dy't 'om niet' wurk dogge, kânsen te jaan harren sels te ûntwikkeljen. Foar elke frijwilliger wurdt 100 euro beskikber steld om in kursus of oplieding te folgjen. It oanbod fan de kursussen moat út ferskate organisaasjes komme, sa as de sûnenssoarch, it ûnderwiis of frijwilligerssintrales.
De bydrage is der kaam nei in moasje yn de steaten fan it CDA. Yn dy moasje frege it CDA oan it kolleezje fan Deputearre Steaten in gebear nei frijwilligers yn ús provinsje te meitsjen om de wurdearring foar harren bydrage oan de mienskip út te sprekken. De kommende simmer wurdt hurd wurke oan it útwreidzjen fan it oanbod oan kursussen en opliedings. Yn septimber giet it projekt dan echt los. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de frijwilligersakademy.