FNP: Menameradiel moat aktiver statushâlders húsfestje

12 jun 2017 - 10:19

De fraksje fan de FNP yn Menameradiel wol dat de gemeente aktiver wurdt by it húsfestjen fan statushâlders. Neffens de fraksje rint de gemeente no achter mei de húsfesting fan dizze nije ynwenners. De gemeente soe dêrom ûnder tafersjoch fan de provinsje stean. Op it stuit krije de statushâlders in plak yn sosjale hierwenten, mar hjirtroch rinne de wachtlisten foar dizze wenten op. De FNP neamt it ek in ferskowing fan de ferantwurdlikens. 

De fraksje fynt de wize fan hanneljen net langer akseptabel. De FNP komt dêrom mei in ynisjatyfútstel om de gemeente op te roppen mei alternativen te kommen. Dêrby tinkt de fraksje ek oan de mooglikheden foar it opnij ûntwikkeljen fan leechsteande gebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)