Lintsje foar Oerol-frijwilliger Sytse Schoustra
De 65-jierrige Sytse Schoustra fan Skylge is sneintemiddei op it Oerol-festival keninklik ûnderskieden. Boargemaster Bert Wassink beneamde him ta lid fan de oarder fan Oranje Nassau.
Schoustra krige syn ûnderskieding foar syn jierrenlange ynset foar it Oerol-festival. Hy wie fan it begjiin ôf belutsen by Oerol en nimt dit jier ôfskied, lykas direkteur Joop Mulder.
Schoustra wie mei-oprjochter fan de Stichting Vrienden van Oerol, dy hawwe no 11.000 leden en binne de grutste sponsor fan it festival mei sa'n 300.000 euro per jier.