Oerol-festival op Skylge: sinne en in soad drokte

11 jun 2017 - 13:43

Nei in wiet begjin op freed belibbet de 36e edysje fan Oerol op Skylge in wykein mei in soad sinne. It moaie waar lûkt in soad minsken nei it eilân. De measte boaten fan rederij Doeksen sieten fol. Op Skylge binnen 35 teäterproduksjes te sjen. In protte stikken wurde spile op lokaasjes dêr't lânskip in part fan it dekôr by foarmet. Sa hat it teäterselskip Plastique Fantastique de bosk by Formearum keazen om minsken yn in trochsichtige bobbel muzyk en dûns ûnderfine te litten.

De twahûndert besikers rinne troch gongen en komme sa yn de romte dy’t troch de keunstner fan it selskip ûntworpen is. Besikers sprekke fan in bysûndere ûnderfining yn de gigantyske bobbel tusken de beammen fan de Formearumer Bosk.

Trefwurden: 
Oerol Skylge Teater festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)