Friezen út alle hoeken sykje ferbining

10 jun 2017 - 15:05

Friezen út alle hoeken kamen sneon yn Sint Pancras byelkoar foar in grutte Friezedei. Doel is om ferbining mei-elkoar te sykjen. De organisaasje wie yn hannen fan de Jongfryske Mienskip, yn oparbeidzjen mei it Westfries Genootschap. Se hâlde om dy reden elk jier in Ynterfryske dei. Dêr komme Friezen út it Dútske East-Fryslân, West-Fryslân en Grinslân op ôf. Dit jier wie de útwikseling yn it West-Fryske Sint-Pancras.

Dêr waard ek stilstien by de ferjitten slach om Froanen yn 1297. Yn dy slach makken de Hollanners in ein oan de ûnôfhinklikheid fan de West-Friezen. Der waard sneontemiddei in monumint ûntbleate ta neitins oan de slach.

Trefwurden: 
Friezedei Sint-Pancras
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)