Bijen gûnzje symfoanysk foar Kulturele Haadstêd

Under de namme 'Silence of the Bees' wurde besikers fan de Kruidhof yn Bûtenpost bewust makke fan it belang fan bijen. Neffens Kruidhof-direkteur Jan Willem Zwart is der sûnder bijen gjin libben mooglik. 'Se binne tige wichtich foar it bestowen fan planten. Sûnder bijen is der neat te iten.' Silence of the Bees is ûnderdiel is fan Kulturele Haadstêd. It projekt is dit wykein iepene.
Bijemuzyk
Ien fan de ûnderdielen fan 'Silence of the Bees' is muzyk mei it lûd fan bijen. B-r(h)apsodie wurdt dat neamd. Jan Willem van Kruyssen is de iniatyfnimmer. Neffens him is it goed mooglik om mei bijen muzyk te meitsjen. 'Bijen maken veel verschillende geluiden en dat zal aangevuld worden met muziek.'
De muzyk sil makke wurde yn gearwurking mei de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert en it Institut für Musik yn Oldenburg. Op 21 juny 2018 sil it stik lyktidich opfierd wurde op De Kruidhof, yn Oldenburg en yn Emden. De konserten binne op ynternet live te sjen.