Froulju Drachtster Boys lânskampioen sealfuotbal

09 jun 2017 - 22:21

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn foar it earst de Nederlânske titel pakt. Yn Schiedam waard tsjinstanner Pernis nei ferlinging mei 7-3 ferslein. Foar de Nederlânske sealfuotbaltitel wie in finalewedstriid nedich. Drachtster Boys ferlear earst yn eigen hûs mei 5-1 fan de Schiedammers, mar koe de útwedstriid dochs mei 4-0 winst ôfslute. Freedtejûn pakte Drachtster Boys úteinlik dochs de Nederlânske titel. It is net de earste grutte priis fan dit jier foar de froulju, se wûnen ek al de nasjonale beker.

Nei de earste helte stie de ploech fan trainer Symen Abe Hoekstra mei 2-1 achter. Foar Drachtster Boys makke Lotte Donath de iennige goal. Nei it skoft sette Esther van Toledo al gau de 2-2 op it skoareboerd en dêrnei pakte Drachtster Boys troch. Bernou Hylkema makke in pear minuten letter 2-3. Mei in wrâldgoal fan Milenca van Ee kaam Pernis wer op likense lichte en waard it in ferlinging.

Ferlinging

Dêryn gie Drachtster Boys geweldich fan start. Atty Eelkema skoarde de 3-4 en in pear minuten letter waard it 3-5 troch Jessie Prijs. Marian Meijer joech Drachtster Boys mei 3-6 in foarpriuwke op de titel, wêrnei't Prijs yn de lêste minuten mei 3-7 dien wurk makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)