Oranjefroulju ferlieze oefenynterlân fan Japan

© ANP
De Oranjefroulju hawwe freedtejûn de oefenynterlân tsjin it sterke Japan ferlern. Yn it Rat Verlegh Stadion yn Breda waard it 1-0 foar de Aziaten. Nei in kertier skoarde âld-Hearrenfeanfuotbalster Vivianne Miedema hast de 1-0, mar der waard foar it skoft net mear skoard. Nei in oere makke Kumi Yokoyama in goal foar de Japanners. Dy klap kamen de Oranjefroulju net mear te boppe.
By Oranje dienen Snitser Sherida Spitse en Loes Geurts fan Hichtum de hiele wedstriid mei. Sisca Folkertsma fan Sleat kaam yn de 65e minút yn it fjild. Spitse spile lykas Wesley Sneijder har 131e ynterlân foar it Nederlânsk team. Se is allinnich gjin rekôrynternasjonal, mar dat kin se wol wurde op it EK. Op it stuit hat Manon Melis, mei 136 ynterlannen, noch de meast wedstriden spile foar Oranje.
Europeesk kampioenskip
Op 16 july set it Europeesk kampioenskip foar froulju útein yn Nederlân. De Nederlânske ploech sit yn pûl A, mei tsjinstanners Noarwegen, Denemarken en België.