Dit jier gjin sânskulptuerefestival yn Snits

It sânskulptuerenfestival yn Snits giet dit jier definityf net troch. Dat hat de organisaasje fan it festival freedtejûn bekend makke. It evenemint giet dit jier net troch om't der gjin geskikte lokaasje fûn is. De gemeente Súdwest-Fryslân joech ferline jier al oan dat it festivalterrein oan de Oppenhuzerwei net mear brûkt wurde kin, yn ferbân mei nijbouplannen. Ek wie der gjin subsydzje mear beskikber foar it evenemint.
It sânskulptuerefestival waard sûnt 2013 jierliks yn Snits organisearre. Hielendal ferdwine sil it evenemint nei alle gedachten net. ''We hebben prachtige plannen om uit te pakken in het Culturele Hoofdstad-jaar 2018'', sa seit organisator Alec Messchaert.