Brêge heakket: boat fan It Amelân leit in oere te wachtsjen

De boat fan It Amelân hat freedtemiddei mear as oere foar de kant yn Nes lein, omdat de brêge net net nei ûnderen woe. De boat koe dêrtroch net oanlizze.
Neffens Rederij Wagenborg moat Rykswettersteat foar de oplossing soargje. It mankemint soarget net allinnich by de passazjiers foar in soad opûnthâld, mar betsjut foar bedriuwen flinke ekonomyske skea.