Herbergier fan Fryslân yn Harns giet hast iepen

De fjirde Herbergier yn Fryslân lûkt in soad sollisitanten út de soarch wei. De lytsskalige wenfoarm foar demintearjenden yn Harns giet nije wike iepen. In lytse 20 minsken komme der te wurkjen op 16 bewenners. De Herbergier wurdt rund troch Ans en Tom Visser. Se komme út de reguliere soarch en woene mear tiid en romte hawwe foar demintearjende minsken.
Mear tiid foar minsken, minder papierwurk
It konsept fan de Herbergier is mear tiid foar de minsken en minder papierwurk. Wylst der yn in soad soarchynstellings in tekoart oan personiel is, wie by de Herbergier in soad flecht op 'e koai. Foar 15 banen kamen 400 brieven binnen. Uteinlik binne no sa'n 20 minsken oannaam. Nije wike komme de earste bewenners yn de âld skoalle oan de Rozengracht. Sneontemiddei tusken 13 en 17 oere is der iepen dei.
Oare plakken dêr't ek in Herbergier sitte, binne Bartlehiem, Dronryp en Aldeberkeap.
Toverfair yn Bartlehiem
Op it hiem fan Herbergier Bartlehiem wurdt sneontemiddei in toverfair organisearre. Fan 10.00 oant 16.00 oere kinne besikers in slach meitsje oer de merke mei allegear kreamkes, meidwaan oan spultsjes en genietsje fan livemuzyk. Wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel soarget sneontemoarn foar de offisjele iepening fan de toverfair.
Tovertafel
De toverfair wurdt hâlden mei in spesjaal doel: jild opheljen foar de oanskaf fan in saneamde tovertafel foar de bewenners fan de soarchlokaasje. Dat is in spesjale projektor dy't ljocht en foarmkes projektearret op in tafel. Minsken mei demintens wurde hjirtroch aktivearre om mei te dwaan en aktyf te wêzen. Foar de oanskaf fan de tovertafel is goed 6.000 euro nedich, op it stuit hat de Herbergier al mear as in tredde part fan it bedrach binnen.