Hoe is de ôffalynsammeling yn jo gemeente? Doch de enkête!

© ANP
Yn Nederlân ha gemeenten ferskate wizen om ôffal yn te sammeljen en te skieden. Soms moatte boargers per kliko of ôffalpûde betelje, soms moat it ôffal fuortbrocht wurde. Yn guon gefallen wurdt der alle wiken grien ôffal ophelle, op oare plakken ien kear yn 'e moanne.
De NOS en de regionale omroppen dogge ûndersyk nei ôffal en dan benammen de ynsammeling dêrfan. Mei elkoar binne al 12.000 reaksjes binnenkaam op de enkête oer ôffalynsammeling. Mar fansels telt jo miening ek. Leit der yn de buert in soad ôffal op strjitte? Of binne de kontainers te folle om't se net faak genôch lege wurde? Hoe is de ôffalynsammeling yn jo gemeente? Wêr binne jo tefreden oer? En wêr rinne jo tsjinoan? Jou it troch!