'Omkearde staking' ynspirearret nei 65 jier ta iepenloftspul

Wurkleazen oan it wurk út protest
"De solidariteit wie geweldich, elkenien wie mei-inoar en stie foar ien doel". Dat seit Harm de Vos, as him frege wurdt nei de 'omkearde staking' yn 1952 yn Houtigehage. It wie ek opmerklik: 18 wurkleaze manlju strûpten de mouwen op, pakten in skeppe en makken de Parksterloane begeanber. It wie de befolking fan Houtigehage in griis dat de gemeente alle subsydzjejild yn it binnenheljen fan Philips yn Drachten stuts. Dêrtroch bleau in hiel soad wurk lizzen, wylst 20 prosint fan de manlju wurkleas wie.
No stiene de Houtigehaachsters bekend as loai, mar dy reputaasje feroare doe't krekt dêr de aksje úteinsette. De 'omkearde staking' yn Houtigehage helle it nasjonale nijs troch de stikken dy't der oer skreaun waarden troch Harm de Vos, doe 18 jier en HBS-studint. Se waarden publisearre yn 'De Waarheid', de kommunistyske krante en oare landelike deiblêden namen it oer. Op hieltyd mear plakken yn Fryslân giene wurkleazen sûnder betelling oan it wurk en om dy aksjes del te bêdzjen krigen in protte jonge manlju betelle wurk oanbean.
No, 65 jier letter, wurdt oer dizze 'omkearde staking' in iepenloftspul yn Houtigehage opfierd. Wimpy de Vries skreau it skript en bleau sa ticht mooglik by de histoarje. "Ik ha der wol wat romantyk ynskreaun en ik ha besocht dúdlik te meitsjen hoe't it libben der foar dy earmoedige gesinnen út seach." Op dit stuit wurdt drok repetearre foar de opfierings fan it stik. Op 30 juny is de premjêre.
In reportaazje oer de 'omkearde staking' is snein 11 juny te hearren yn Buro de Vries, tusken 11:00 en 12:00 oere.