Brok praat mei ried Smellingerlân oer nije boargemaster

© Omrop Fryslân
Kommissaris Arno Brok sil sa gau moooglik mei de gemeenteried fan Smellingerlân prate oer de mooglike opfolging fan boargemaster Tjeerd van Bekkum. Hy wurdt meikoarten de nije direkteur fan Kulturele Haadstêd LF2018.
Wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân sei dat dy nije boargemaster sa gau mooglik komme moat, leafst binnen trije wike, omdat de gemeente yn in feroaringsproses sit wêrby't lieding net ûntbrekke kin. Mei dizze aksje jout Brok gehoar oan dy oprop, mar hy wol earst de winsken fan de riedsleden witte oan hokker profyl de nije tydlike boargemaster foldwaan moat.