Sietske Poepjes wurdt foarsitter fan Europeesk talenetwurk

© Screenshot YouTube
De jiergearkomste fan Europeesk talenetwurk NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) hat freedtemoarn yn it Italiaanske Val di Fassa deputearre Sietske Poepjes as de nije foarsitter keazen. Dat barde sûnder dat Poepjes der sels by wie. De deputearre presintearre harsels yn de foarm fan in meartalich fideoboadskip, omdat se freed by de iepening fan Oerol op Skylge is.
Konkurrint
Poepjes hie yn Italië in konkurrint yn de persoan fan de Italiaanske regionale politikus Giuseppe Detomas, mar dy luts syn kandidatuer oan it begjin fan de stimming ûnferwachts wer yn. Poepjes waard dêrtroch sûnder al te folle problemen keazen as 'President'.
Ljouwert
It NPLD is in gearwurkingsferbân fan foaral regionale oerheden dy't opkomme foar minderheidstalen as it Frysk, it Ladinysk fan de Val di Fassa, it Friûlysk, it Baskysk en it Welsh. Mei Poepjes as nije foarsitter is it wol wis dat de konferinsje fan it NPLD takommend jier yn Ljouwert is. Poepjes is net de earste Fryske foarsitter fan it netwurk. Har foargongster Jannewietske de Vries wie dat earder ek al in pear jier. It kantoar fan NPLD stiet yn Brussel.