Tandjong Priok yn Arum slút de doarren

Sicco en Esther Gerlsma fan Tandjong Priok
It ferneamde Yndonesyske restaurant Tandjong Priok yn Arum stiet te keap. Eigeners Esther en Sicco Gerlsma binne op syk nei in lytser ûnderkommen. Salang't de ferkeap noch net útiten is, bliuwt it restaurant iepen en de workshops gean ek troch. De foodtruck ferdwynt wol per direkt. Dy wurdt ferfongen troch ôfhelmielen. Op in eventuele nije lokaasje wolle de Gerlsma's 'private dining' en catering dwaan en masterclasses jaan.
Esther en Sicco jouwe oan op te hâlden mei harren restaurant yn Arum yn it belang fan harren jonge húshâlding.