Oplichter aktyf mei mobyl pinapparaat

In oplichter hat it ôfrûne wykein en freed aktyf west op meardere plakken yn de súdwesthoeke fan de provinsje. De man besocht oan de doar pannen en messen te ferkeapjen. Yn seker twa gefallen is betelle mei it mobile pinapparaat fan de man. Der waard 310 euro pind, letter die bliken dat der hast 1200 euro fan de rekken ôfskreaun wie.
Yn in oar gefal wie der 1500 euro ôfskreaun, wylst it 150 euro wêze moatten hie. De plysje docht ûndersyk nei de ferkeaper en warskôget minsken om der goed om te tinken as ien wat oan de doar ferkeapje wol.
Dupearre
Bernard de Vries yn Warns hat no bygelyks in garaazje fol goedkeape pannen, messen en oar guod foar trijetûzen euro. Syn garaazje stiet der fol mei. De Vries is al wat âlder en net mear hielendal goed by de tiid. Der is oanjefte dien troch de minsken yn Warns.
De plysje docht ûndersyk nei de ferkeaper en warskôget minsken goed op te letten as ien wat oan de doar ferkeapje wol. De ferkeaper seit ek foar it Grouster bedriuw Mango, dêr't ûnder oare elektryske skootmobilen ferkocht wurde, te wurkjen, mar dat is perfoarst net sa. Foar David Heidbuurt fan Mango kin de plysje neat dwaan. Dat ien ûnder syn namme guod ferkeapet falt net ûnder it strafrjocht.