Plysje warskôget foar 'babbeltrúk'

© ANP
De plysje warskôget foar twa froulju dy't woansdei yn Boalsert mei in 'babbeltrúk' de wenning fan in âldere frou ynkaam binne. Dat wie oan it Martinushof. Oan de ein fan de middei kaam in besoarger fan medisinen by de frou oan de doar. De beide fertochten giene de wenning fan de frou yn. De besoarger gie fuort, mar kaam werom om't er it net fertroude. De twa froulju wiene noch yn de wenning fan de frou. Doe't se de man seagen, naaiden se út.
De froulju ha nei alle gedachten hast 20 minuten yn de wenning fan de Boalserter west. It giet om in âlde frou dy't min hearre en min sjen kin. Neffens famyljeleden wurdt neat fermist. Neffens de plysje praten de twa fertochten min Nederlânsk en binne se fan bûtenlânske komôf. Buertûndersyk hat neat opsmiten.
De plysje hat fierder gjin meldingen krigen fan soartgelikense ynsidinten. Wol warskôget de plysje om wach te wêzen op sokke saken.