Grinzer steateleden hawwe ynteresse foar opset steatemerk

Provinsjale Steaten fan Grinslân hawwe woansdei op besite west by de Fryske steaten om te sjen hoe't hjir wurke wurdt. De Grinzers wiene benammen ynteressearre yn de opset fan de steatemerk. Dy is yn it plak kaam fan de reguliere kommisjegearkomsten. De ferskate ûnderwerpen dy't oan bar komme by de folgjende steatefergadering komme no foarby op in spesjale merk, in wike of twa wiken yn it foar. Op dy merk kinne steateleden fragen stelle oan amtners en belutsenen.
Fryslân is de iennige provinsje dy't sa'n politike merk hat. Neffens kommissaris fan de kening René Paas is it in tige leechdrompelige wize fan polityk dy't mooglik ek yn Grinslân ynfierd wurde kin. De Grinzer Steaten sille dêr meikoarten oer diskusjearje.