Nijbeetster (13) spilet haadrol yn musical Tina

© Youtube Bart Ledegang
De 13-jierrige Marthe Ledegang út Nij Beets is útkeazen om de haadrol te spyljen yn de musical Tina, wêrmei it lanlike famkesblêd mei dy namme har 50-jierrich bestean fiert. Yn totaal hienen leafst 4.000 famkes har foar dizze rol opjûn, fan wa't der no seis útkeazen binne foar de haadrol. Marthe sil Tina spylje yn de foarstellings yn Fryslân, Drinte en Grinslân.
Marthe liet al earder artistyk fan har heare doe't se yn maart ôfrûne jier foarlêskampioene waard fan Opsterlân en letter in rol krige yn in lokale útfiering fan de musical Annie yn de Drachtster Lawei. Op dit stuit spilet Marthe mei yn it iepenloftspul fan Opsterlân: De Lytse Prins. Nei de simmerfakânsje begjinne foar Marthe de repetysjes foar de musical Tina. De premjêre is op 26 oktober yn Grins.