Doarpstoer yn Nes op It Amelân wurdt restaurearre

© Google Streetview
Yn Nes op It Amelân wurdt nije wike begûn mei de restauraasje fan de grutte toer oan yn it doarp. It mitselwurk en it foechwurk fan it eardere skipsbeaken moat oan de bûten- en de binnenkant fernijd wurde. Fierder komt der nije dakbedekking en wurde de muorre-ankers ferfongen.
Foardat it wurk los kin, wurdt der earst in steger boud. De restauraasje moat yn septimber klear wêze.