Kollum: "Us wapen is in ûndersetter"

"De wei fan Amsterdam nei Bremen dêr sit noch ien stopljocht yn. Dat is yn Grins by de ôfslach nei Assen. Foar 160 miljoen sil dat feroare wurde. Bliuwt oer foar de lju dy’t fan Amsterdam nei Bremen ride wolle dat de brêge by Skarsterbrêge noch bestiet. Geregeldwei stean der files oant De Lemmer en It Hearrenfean ta. Dêr soe earst in akwadukt komme, mar ien of oare minister hat dat jild der wer oars útjûn. Fryslân fynt wol dat der dochs in tunnel komme moat. Mar hearre jim dat se dat noch sizze? Ikke net!
Holwerd aan Zee is in bêst plan om it Waad yn Fryslân te yntegrearjen en tagelyk de krimp tsjin te gean. Elkenien is it dêr oer iens. Mar it hinget ôf fan in stik as seis ministearjes. Dy kinne en wolle net gearwurkje. Holwert hat in ploechje dat fertelt hoe’t je ien plan meitsje kinne soenen, mar it komt net fierder. It soe sa moai wêze at Fryslân lûdop stride soe foar sa’n plan. Mar ik hear neat.
De krimp is sowieso in probleem fan Fryslân. Wat de regearing dêr tsjin docht is beskamsum. Troch neat te dwaan stimulearje se de krimp krekt. De provinsje Fryslân wit totaal net wat se dêr mei oan moat en soarget der inkeld mar foar dat it boek 419 doarpen de folgjende kear útjûn wurde sil ûnder de titel “Minder dan 400 dorpen”. Fierder is Ljouwert stil.
We laitsje ús allegear stikken oer Grins. Net iepenlik, mar in bytsje ferhûddûke. Eins wat gemeen. En stom. Want we ha fansels deselde swierrichheden. De provinsje lit de gemeenten it swiere protestwurk opknappe en dy kinne net op tsjin de macht fan Shell. Ek yn Fryslân wurd mear en mear board. Ek by ús sil de grûn fersakje, want nimmen wit wat der ûnder de grûn bart. Ek Shell net. Fryslân soe as ien gehiel yn it ferhef komme moatte. “Pas as jim witte wat der bart, en dat kin jim lekker nea witte, dan meie jim pas boarje. Ek net op it Waad. En net foar proef. Opsoademiterje. Wy wolle net like sielich wurde as Grins”. Mar ik hear net iens it lûd fan de âlde FNP-baas Jan van der Baan dy’t jim in soad fertelle kinne soe oer de bewegingen fan de oaljegasmacht yn Den Haach. Watte? We hearre hielendal neat.
Trouwens, we bin al in sielige provinsje. Ferdield troch fierstente folle lytse gemeenten dy’t allegear ek noch wat oars wolle as buorman. En as de provinsje dan net by steat is om dêr in goede rezjy yn te fieren, en soks hat al bliken dien, freegje dan asjeblyft oan Den Haach om der mei te rêdden.
Dat hat Den Haach ek al dien mei it Frysk. Wat elkenien ek ropt, Den Haach falt neat te ferwiten. Inkeld ússels. We ha neat dien om de taal libben te hâlden by de lju dy’t him brûke kinne soenen, de ynwenners fan Fryslân en de bêrn dêrfan. Wy bin fersille yn oerdreaun gedoch en dat jaget lju fuort. Dan gean se wer oer op Nederlânsk of Ingelsk. Pieter de Groot hie sneon noch in stik yn de krante dat subsidiearre Fryske ynstellings frege wie om in Nederlânsk ferslach. Hy fynt dat se yn Den Haach mar Frysk lêze kinne moatte. Mar je kin dochs oarsom ek fine dat je as Friezen ek it Hollânsk respektearje moatte as taal fan de oerheid. Dat isolasjonistyske tinken oer it Frysk sprekt allinnich in lyts ploechje Bewegers oan. Net iens allegear. Mar dy raze en dus graaft de provinsje Fryslân himsels hieltyd wer yn. Yn neatsizzende ferhannelingen oer rjocht en datsoarte ûnsin.
Fryslân soe him hearre litte moatte. Mar yn de hiele lûdrazende wrâld, sitte wy fredich yn in hoekje. Wy hearre ús politisy inkeld as der in kear fiif stuorkes oer binne. As we miljoenen temin krije, hearre se ús net. Op dit stuit wurdt der in regear foarme. Dêrby wurdt Fryslân net neamd. Nei ôfrin gean se efkes nei de kroech yn Den Haach en sette it bierfleske op in Fryske ûndersetter. It lêste wapenfeit fan Fryslân ommers om ek wat te sizzen. De tekst is al net mear te lêzen."