Trekker brekt dwêrstroch nei botsing mei frachtwein

07 jun 2017 - 08:18

Op in krusing fan de Froonackerdyk by Wammert (Easterlittens) binne woansdeitemoarn in frachtwein en in trekker opinoar botst. De trekker bruts troch de klap yn twa stikken. De sjauffeur fan de trekker is ferwûne rekke, de frachtweinbestjoerder kaam mei de skrik frij. De frachtwein bedarre nei it ûngelok yn de berm, de trekker leit op de dyk. De Froonackerdyk is ôfsletten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)