Basisskoalbern dûnsje yn Ljouwert tsjin pesten

Yn de Harmonie yn Ljouwert stride woansdeitejûn 600 bern út groep 8 fan basisskoallen út Ljouwert en omjouwing om de Saco Velt Bokaal. Dizze dûnswedstriid wurdt foar de njoggende kear hâlden. Nij is dat der dit jier gearwurking socht is mei de Stichting Stop Pesten NU!, omdat by de dûnslessen dúdlik wurdt dat bern dy't mei-elkoar dûnsje elkoar minder peste.
By it dûnsjen leare se hoe't se respektfol mei-elkoar omgean moatte. Se moatte elkoar helpe en elkoar oanreitsje en dat soarget foar mear kontakt en wille. By de dûnswedstriid wurdt ek jild ynsammele foar de Stichting Stop Pesten NU!.