Politisy oer biofergister Burgum: Fryslân wurdt ôffalputsje

De steatefraksjes fan Partij voor de Dieren, GrienLinks en 50Plus sette grutte fraachtekens by de biofergister dy't enerzjybedriuw Engie bouwe wol by de enerzjysintrale yn Burgum. De fergister wurdt ien fan de grutste fan Nederlân. De fraksjes binne benammen bang dat dong fan de bargeboeren út Brabân yn Burgum ferwurke wurde sil. Se sizze dat dêrmei Fryslân it ôffalputsje fan Nederlân wurdt.
De fraksjes freegje harren ôf at der wol goed nei de effekten fan de fergister op de omjouwing sjoen is en trune oan op in miljeu effekt rapportaazje om dit goed yn byld te krijen.
Koartlyn waard der troch in aksjegroep al in protest organisearre tsjin de biofergister.